Baltrum

Baltrum
Flagge fan Baltrum
(Flagge fan Baltrum)
Lokaasje fan Baltrum
Oerflak6.5 km²
Tal ynwennersLikernôch 500 (1 juny 2005)
Websteehttp:// www.baltrum.de/

Baltrum is ien fan de waadeilannen foar de kust fan East-Fryslân. It is it middelste en ek it lytste fan de sân bewenne Eastfryske eilannen. It eilân heart ta de dielsteat Nedersaksen en it distrikt Auwerk. Baltrum hat minder as 500 ynwenners. Der binne twa doarpen: Westerdoarp en Eastdoarp.

Ierdrykskunde

It eilân hat in oerflak fan likernôch 6.5 kilometer, it is 5 kilometer lang en 1 kilometer breed. It heechste punt fan it eilân is in dún midden op it eilân, fan 19,3m heech.

It lânskip op Baltrum is foarme út poalwoastynsân fan de lêste iistiid. Op de sânbanken ûntstienen dunen en efter de dunen koe de klaaigrûn har foarmje. Peallerigen en basaltblokken beskermje de kust tsjin ôfkalving.

Nei it westen leit oare kant de Wichter Ie it eilân Nordeneach en nei it easten oare kant de Akkumer Ie leit Langereach.

Other Languages
العربية: بالتروم
brezhoneg: Baltrum
català: Baltrum
čeština: Baltrum
Deutsch: Baltrum
English: Baltrum
Esperanto: Baltrum
español: Baltrum
eesti: Baltrum
euskara: Baltrum
فارسی: بالتروم
français: Baltrum
magyar: Baltrum
italiano: Baltrum
ქართული: ბალტრუმი
Кыргызча: Бальтрум
қазақша: Бальтрум
Latina: Baltrum
Bahasa Melayu: Baltrum
Plattdüütsch: Baltrum
Nederlands: Baltrum
polski: Baltrum
português: Baltrum
română: Baltrum
русский: Бальтрум
srpskohrvatski / српскохрватски: Baltrum
српски / srpski: Балтрум
Seeltersk: Baltrum
svenska: Baltrum
українська: Бальтрум
oʻzbekcha/ўзбекча: Baltrum
Tiếng Việt: Baltrum
Volapük: Baltrum
Winaray: Baltrum
Bân-lâm-gú: Baltrum