Auguste Comte

Auguste Comte

Isidore Marie Auguste François Xavier Comte (Montpellier, 17 febrewaris 1798Parys, 5 septimber 1857) wie in Frânsk wiskundige en filosoof. Hy wie ien fan de earste wittenskipsfilosofen en de grûnlizzer fan it positivisme, dat bedoeld wie om oan de malêze ûntstien nei de Frânske Revolúsje in ho ta te roppen. Auguste Comte heart ek ta de grûnlizzers fan de sosjology. Syn religy fan de minskheid ("L'amour pour principe et l'ordre pour base; le progrès pour but") waard populêr yn Frankryk, Meksiko en it Brazyljaanske keizerryk en stoar in sêfte dea oan it begjin fan de 20e iuw.

Libben

Auguste kaam út in strang katolike amtnersfamylje. Doe't syn skoalle, de École Polytechnique yn 1814 sletten waard, (op befel fan Loadewyk XVIII, ûnder de Restauraasje), waard Comte ien fan de folgelingen fan de utopysk-sosjalistyske tinker Claude Henri de Rouvroy, greve fan Saint-Simon (1760-1825), dy't him yn tsjinst naam as sekretaris. Comte naam yn 1824 ûntslach omdat er hieltyd mear ôfwykte fan de ideeën fan Saint-Simon en omdat er tenei wegere om syn eigen wurk te publisearjen ûnder de namme Henri de Saint-Simon.

Dêrnei joech er earst priveelessen om yn syn ûnderhâld te foarsjen, û.o. oan Alexander von Humboldt. Under ien fan syn lessen oer positivisme stoarte er yn, wat it begjin oankundige fan in 15-jierrige perioade fan symptomen fan depressje en paranoia.

Yn 1825 boaske er mei Caroline Massin om har te rêden (sa't er ferklearre) fan de prostitúsje. Syn houlik wie ûngelokkich. Finansjele problemen, wurkstress en relaasjeproblemen dreaune him ta kranksinnigens. Yn 1829 wie er der wer boppe op kommen, begûn op 'e nij mei lesjaan en besocht ferskate kearen om ta heechlearaar beneamd te wurden. Yn 1833 waard er beneamd oan de École Polytechnique, mar al gau waard er wer ûntslein. Yn 1838 betocht er it begryp sosjology (sjoch Skiednis fan de sosjology).

Yn 1842 skiede er fan Massin. Comte libbe fan de jeften fan folgelingen en freonen, wêrûnder de ferneamde Ingelske tinker John Stuart Mill.

Nei twaris besocht te hawwen himsels fan kant te meitsjen en in ferbliuw yn in psychiatryske ynstelling, moete er yn 1844 de aadlike dame Clothilde de Vaux, dy't syn leafde ôfwiisde, mar troch harren korrespondinsje in djipgeande, religieus tinte ynfloed op him útoefene. Twa jier letter wie hja dea. Comte begûn har te ideälisearjen.

Yn 1849 kaam er mei in foarstel om in positivistyske religy en kalinder yn te fieren, besteande út 13 moannen fan 28 dagen, plus ien dei om de deaden te betinken. Yn 1851 ferwolkomme er de steatsgreep fan Napoleon III.

Doe't er yn 1857 stoar - syn testamint befiemet 500 siden - hie er al in kultus om syn persoan hinne foarme en waard syn positivisme, dat fral stal krigen hie yn de wet fan de trije stadia, wiidferneamd. Hy waard troch syn folgelingen, wêrûnder Willem de Constant Rebecque, dy't ree wie syn fortún yn te setten foar it altruïstyske doel, hast as hillige beskôge.

Other Languages
Afrikaans: Auguste Comte
aragonés: Auguste Comte
العربية: أوغست كونت
asturianu: Auguste Comte
azərbaycanca: Ogüst Kont
беларуская: Агюст Конт
български: Огюст Конт
brezhoneg: Auguste Comte
bosanski: Auguste Comte
català: Auguste Comte
Cymraeg: Auguste Comte
čeština: Auguste Comte
Deutsch: Auguste Comte
Ελληνικά: Ογκίστ Κοντ
emiliàn e rumagnòl: Auguste Comte
English: Auguste Comte
Esperanto: Auguste Comte
español: Auguste Comte
euskara: Auguste Comte
فارسی: اگوست کنت
français: Auguste Comte
Հայերեն: Օգյուստ Կոնտ
hrvatski: Auguste Comte
Bahasa Indonesia: August Comte
Yorùbá: Auguste Comte
íslenska: Auguste Comte
italiano: Auguste Comte
Basa Jawa: Auguste Comte
ქართული: ოგიუსტ კონტი
Кыргызча: Конт, Огюст
қазақша: Огюст Конт
Limburgs: Auguste Comte
lietuvių: Auguste Comte
latviešu: Ogists Konts
Malagasy: Auguste Comte
македонски: Огист Конт
Bahasa Melayu: Auguste Comte
Nederlands: Auguste Comte
occitan: Auguste Comte
ਪੰਜਾਬੀ: ਔਗਿਸਟ ਕੌਂਟ
Piemontèis: Auguste Comte
português: Auguste Comte
Runa Simi: Auguste Comte
română: Auguste Comte
русский: Конт, Огюст
sicilianu: Auguste Comte
srpskohrvatski / српскохрватски: Auguste Comte
Simple English: Auguste Comte
slovenčina: Auguste Comte
slovenščina: Auguste Comte
српски / srpski: Огист Конт
svenska: Auguste Comte
Tagalog: Auguste Comte
Türkçe: Auguste Comte
татарча/tatarça: Огюст Конт
українська: Оґюст Конт
Tiếng Việt: Auguste Comte
Winaray: Auguste Comte
粵語: 孔德
Bân-lâm-gú: Auguste Comte