Atelstan fan Ingelân

Grêftombe fan Atelstan

Atelstan (Wesseks, 894 – Gloucester, 27 oktober 939) wie kening fan Wesseks fan 924 oant 927 en oanslutend oant syn dea yn 939 de earste kening fan Ingelân. Hy wie in soan fan Edwert de Aldere út dy syn earste relaasje. Der bestiet twifel oer wa't syn mem wie.

Atelstan wurdt wol sjoen as de earste echte kening fan Ingelân. Yn elk gefal wie hy de earste dy't kroane waard op de King's Stone yn Kingston upon Thames yn 925.

Ylluminaasje út it manuskript út Bede's Life of St Cuthbert, ± 930

Hy helle grutte oerwinnings op syn rivalen, wêrûnder de Denen, en wreide syn gebiet út nei dielen fan Wales en Cornwall. Syn grutste oerwinning tsjin in fijannich bûnsgenoatskip fan Skotten, Welshmen en Wytsingen wie yn de Slach by Brunanburh yn 937.

Atelstan furdige wetten út dy't it bestjoer oer syn grutte gebiet fersterken. Hy foarme bûnsgenoatskippen troch fjouwer fan syn healsusters trouwe te litten mei West-Europeeske heerskers. Hy wwie ek in kultuerleafhawwer en samler fan keunstwurken en reliken. In soad dêrfan joech hy wei oan syn folgelingen en oan tsjerken, om him fan harren steun te fersekerjen. Ek steunde hy in soad kleastermienskippen en benammen de abdij fan Malmesbury, dêr't syn grêf te finen is.

Athelstan hie gjin bern en waard opfolge troch syn healbroer Edmund I.

Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Athelstan of England fan Wikimedia Commons.
Other Languages
العربية: أثيلستان
تۆرکجه: اتلستن
беларуская: Этэльстан
беларуская (тарашкевіца)‎: Этэльстан
български: Етелстан
català: Etelstan
Cymraeg: Athelstan
čeština: Ethelstan
English: Æthelstan
Esperanto: Adelstano
español: Athelstan
eesti: Athelstan
فارسی: اتلستن
suomi: Athelstan
français: Æthelstan
हिन्दी: ऍथलस्टैन
Հայերեն: Էթելսթան
Bahasa Indonesia: Ethelstan
ქართული: ათელსტანი
한국어: 애설스탠
Lëtzebuergesch: Athelstan
lietuvių: Atelstanas
latviešu: Etelstans
norsk nynorsk: Adalstein av England
polski: Athelstan
română: Athelstan
русский: Этельстан
Scots: Athelstan
srpskohrvatski / српскохрватски: Ethelstan Sjajni
Simple English: Athelstan
slovenčina: Athelstan
српски / srpski: Етелстан Сјајни
Türkçe: Athelstan
українська: Етельстан
Bân-lâm-gú: Æthelstan