Andamaanske See

Andamaanske See
LocationAndamanSea.png
Geografy
Lokaasje tusken Birma, Tailân, Sumatra
en de  Andamanen en  Nikobaren
Koördinaten 10° N 96° E
Underdiel fan Yndyske Oseaan
Sifers
Maks. lingte 1.200 km
Maks. breedte 650 km
Oerflak 797.700 km²
Djiptegemiddelde 870 m
Djipste punt 4.198 m

De Andamaanske See leit yn it súdeasten fan de Golf fan Bengalen, besuden Myanmar en westlik fan Tailân. De see is in diel fan de Yndyske Oseaan. Yn it westen wurdt de see begrinzge troch de eilannekloften fan 'e Andamanen en de Nikobaren, dy't beide ta Yndia hearre.

De Andamaanske See mei yn it noarden griene algen en sedimint út de rivier de Irrawaddy.

De see wurdt fanâlds brûkt foar fiskjen en ferfier fan goed tusken de oanswettende lannen. De eilannen en kraalriffen binne populêre toeristebestimmings. De fiskerij en de toeristeyndustry hawwe lykwols in tebekset hân troch de ierdskodding en tsûnamy fan 26 desimber 2004.

De grins tusken de tektoanyske Burmaplaat en Sûndaplaat rint rûchwei noard-súd troch de Andamaanske See sadat hjir in grutte seismologyske aktiviteit foarkomt. Der binne tal fan ierdskoddings yn de rin fan de tiid registrearre en yn els gefal seis dêrfan, dy yn 1797, 1833, 1861, 2004, 2005 en 2007, hiene in sterkte fan 8.4 of heger op de Skaal fan Richter. It Barreneilân, east fan Grut Andaman, hat de iennichste tige aktive fulkaan fan it Yndiaaske subkontinint.

De moessons fan Súdeast Aazje binne beskiedend foar it klimaat en de sâltens fan it wetter yn de Andamaanske See. De temperatueren lizze it hiele jier troch op sa'n 26/27 °C. De trochsneed temperatuer fan it oerflaktewetter is 26–28 °C yn febrewaris en 29 °C yn maaie; letter yn't jier somtiids noch wat waarmer.

De grinzen fan de ierdplaten yn de Andamaanske See.
Other Languages
Afrikaans: Andamanse See
العربية: بحر أندامان
azərbaycanca: Andaman dənizi
башҡортса: Андаман диңгеҙе
беларуская: Андаманскае мора
беларуская (тарашкевіца)‎: Андаманскае мора
български: Андаманско море
brezhoneg: Mor Andaman
bosanski: Andamansko more
català: Mar d'Andaman
Cebuano: Andaman Sea
Cymraeg: Môr Andaman
Deutsch: Andamanensee
English: Andaman Sea
Esperanto: Andamana Maro
español: Mar de Andamán
français: Mer d'Andaman
客家語/Hak-kâ-ngî: Andaman Hói
עברית: ים אנדמן
hrvatski: Andamansko more
Bahasa Indonesia: Laut Andaman
íslenska: Andamanhaf
Basa Jawa: Segara Andaman
Кыргызча: Андаман деңизи
한국어: 안다만 해
lietuvių: Andamanų jūra
latviešu: Andamanu jūra
македонски: Андаманско Море
മലയാളം: ആൻഡമാൻ കടൽ
кырык мары: Андаман тангыж
Bahasa Melayu: Laut Andaman
Nederlands: Andamanse Zee
norsk nynorsk: Andamanhavet
occitan: Mar d'Andaman
português: Mar de Andamão
română: Marea Andaman
srpskohrvatski / српскохрватски: Andamansko more
Simple English: Andaman Sea
slovenčina: Andamanské more
slovenščina: Andamansko morje
српски / srpski: Андаманско море
svenska: Andamansjön
Türkçe: Andaman Denizi
українська: Андаманське море
oʻzbekcha/ўзбекча: Andaman dengizi
Tiếng Việt: Biển Andaman
Winaray: Dagat Andaman
吴语: 安达曼海
მარგალური: ანდამანიშ ზუღა
中文: 安达曼海
文言: 安達曼海
粵語: 安達曼海